Kij krije de frijheid yn nije wenwyk yn natuergebiet De Peinder Mieden

26 jan 2019 - 09:53

De njoggentjin blierkoppen moasten al even wenne oan de frijheid dy't se hawwe yn de nije wenwyk De Peinder Mieden by De Pein, mar de kij dogge it goed. Earder hawwe se proefdraaid yn in stik greide en no rinne se frij om yn in gebiet fan njoggentich bunder grut, tusken de boufakkers en de huzen yn oanbou. It is de bedoeling dat se dêr it gers koart hâlde en foar biodiversiteit soargje. Se dogge dus eins oan natuerbehear.

Kij wenne oan frijheid yn wenwyk

Trije jier lang is der proefdraaid mei ferskillende bisten, mar blierkopppen binne it meast geskikt. Se frette de hystoaryske beamwâlen net op en binnen goedkeaper as bygelyks skiep, want dy frette it gers te koart en binne faker siik. Der jilde wol wat regels foar minsken: hûnen oan de line en hûneskyt opromje. Auto's en besikers moatte der om tinke en de blierkoppen meie net fuorre of aaid wurde.

Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei takomstige bewenner Jentje Steegstra

Natuerlike opset

De blierkoppen passe yn de gedachte achter it wengebiet dat yn it natuergebiet De Peinder Mieden leit. De wenwyk wurdt op sa natuerlik mooglike wize opset en ynrjochte. Sa wurde de huzen duorsum boud en is der in soad romte tusken de kavels. De earste minsklike bewenners wurde yn febrewaris ferwachte yn De Peinder Mieden en alle 38 wenningen binne wierskynlik yn 2022 klear.

Arsjitekt Rindert de Jong oer syn ûntwerp yn de Peinder Mieden

(Advertinsje)
(Advertinsje)