Hoe sjogge jonge boeren de takomst fan it buorkjen?

26 jan 2019 - 08:48

Jonge boeren binne flink dwaande mei de takomst fan harren bedriuw. Se praten der freed mei-inoar oer op in kongres op hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. De publike opiny ferskoot, der is diskusje oer fosfaat, oer útstjit, lânskipspine, lege wetterstannen en greidefûgels. En ûndertusken steane de prizen ûnder druk, lykas it ynkommen fan de boeren. Sjogge de jonge boeren it noch sitten?

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

In melkfeehâlderij mei 250 kij is in moai bedriuw. Mar yn dizze tiid sykje boeren hast allegearre nei in better fertsjinmodel dat ek takomstbestindich is. Mear jild út it eigen produkt helje, dat is de útdaging. Dat jildt ek foar de famylje Andringa fan Burgum, dy't in molketaap hat en ferskate suvelprodukten sels makket en streekrjocht oan de konsumint oanbiedt.

"Wy binne twa jier lyn begûn mei de ferkeap oan hûs fan molke", fertelt Wopke Andringa. "Hieltyd mear minsken wolle dochs witte wêr't de produkten dy't se yn de winkel keapje, weikomme. Sa wolle wy minsken belûke by ús bedriuw en sjen litte wat wy dogge."

Regeljouwing

Wopke wol it bedriuw graach oernimme fan syn âlden en de ferkeap fan molkeprodukten der ek by dwaan. It is syn hobby en passy, dus hy wol der hielendal foar gean. Hy fernimt lykwols dat der hieltyd mear regeljouwing by komt en dat prizen ûnder druk stean.

De Andringa's binne bewust dwaande mei harren bedriuw op it mêd fan bygelyks biodiversiteit. Sa ûnderhâlde se 20 kilometer oan elzesingels en beheare se sleatkanten. Ek beskermje se it briedgebiet fan greidefûgels.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Jonge boer Wopke Andringa

Gerlinda Nijboer joech in presintaatsje oer har bedriuw mei 110 kij. Ek sy wol der in molketaap by ha. "Je moatte neitinke oer takomstbestindich wurde en mei allinnich kij melke, komme je der tsjintwurdich net mear", fertelt Nijboer. "Je besykje dochs dingen derneist te betinken om mearwaarde te jaan oan dyn produkt."

Wilko Odinga syn heit hat 150 kij. Yn de takomst sille Wilko en syn suske de saak oernimme. It bedriuw rint goed, mar dochs moat it oars. Syn suske sit deroer nei te tinken om der in geitebedriuw by te nimmen.

Gerlinda Nijboer en Wilko Odinga, studinten op Van Hall Larenstein en boer - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Gerlinda Nijboer en Wilko Odinga

Foar dosinten op skoallen dy't agraryske opliedingen fersoargje, is it hieltyd dreger om studinten ta te rieden op de takomst. De agraryske sektor is folop yn beweging. En op fraachstikken as CO2 en fosfaatútstjit, biodiversiteit, in better fertsjinmodel, 'kringlooplânbou', bedriuwsoername, de takomst fan de koöperaasje en noch folle mear binne gjin paskleare antwurden.

It komt hieltyd mear oan op kreativiteit en ûndernimmingsgeast fan de boeren sels oan, seit dosint melkfeehâlderij Gelein Biewenga fan Van Hall Larenstein yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)