Kollum: "Hiphop"

"De kranten skreaunen der begjin dizze frijwat twingend oer. Eins op in wize dêr't my de hierren rjochtoerein fan stean gienen. Wat is der loas? No, it is spitich foar alle minsken dy't gjin leafhawwer fan hiphopmuzyk binne, want dy telle nei it ôfrûne wykein net mear as folweardige boargers mei. Alteast, sa wolle de artikelskriuwers it graach oerkomme litte. Hiphop is mei yngong fan no wichtich, de rest hinget der wat by. As jo it dêr net mei iens binne, fiere jo in eftergrûngefjocht.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Der wie dus in festival yn Grins, Eurosonic, dêr't de programmeurs nochal opsichtich de neidruk op hiphop leinen. En braaf kalken alle grif tige progressive jonges en famkes fan de media op papier en toetseboerd dat dit it nije summum is. Dat dienen se yn de lette 70'er en 80'er jierren ek. Allinnich gie it doe oer in oare muzykstreaming, nammentlik disko. It feit dat de Fryske staveringshifker fan Word it wurd disko net kin, seit wol wat oer hoefolle dêr fan oerbleaun is. Mar yn dy jierren wie der oars gjin praat, de disko soe oant yn lingte fan dagen de muzyk behearskjen bliuwe. Ha jim de lêste tiid noch wat nije echte disko yn de trend fan Rose Royce harren At the Carwash heard? Nee, dus.
Spitich foar de hjoeddeistige muzyksjoernalisten, mar ek de hiphop is in foarbygeand ferskynsel. Oer in jier as tweintich, tritich, sil 99% fan alle raps en oare blingbling fan dizze streaming ferjitten wêze. Jonge, tige suksesfolle rappers dy't no yn koarte tiid smoarryk wurde, it is fan alle tiden. Mar de waan fan dizze dei en tiid yn muzyklân sil ek wer oerwaaie.
Wat bliuwt der dan oer? No, dat is simpel. Want al dy streamings dêr't de generaasjes harren drok oer meitsje, ha gjin of amper ynfloed op muzyk dy't him as har dêr net folle fan oanlûkt. Muzyk meitsje is foar in hiele soad jonge minsken gelokkich noch altyd ambacht. De troch de sjoernalisten sa ferwinske gitaarbandsjes sille altyd harren 'herrie' meitsjen bliuwe. Krekt sa as der altyd nij fioelisten, harpisten en blazers komme sille, dy't de wurken fan Mozart, Beethoven, Bach en al dy oare klassike komponisten op de planken bringe sille. Opera, operette, jazz. Allegearre muzyk dy't bliuwt.
Mei-inoar muzyk meitsje. Ien mei in gitaar, ien sjonge, ien dy't op potten en deksels slacht, ien dy't de grûntoanen oanjout. As it kin ien op in oargel of piano derby. Sorry, bêste sjoernalisten dy't dizze wike alles dat gjin hiphop is de grûn yn triuwe woenen, dizze setting sil net allinnich jim oerlibje, mar ek de generaasjes nei jim. Dan kinne jim noch sa in hippe muzykstream ferhearlikje, jím binne dyselden dy't in eftergrûngefjocht fiere. Oer fyftjin jier sille Led Zeppelin, Deep Purple, The Eagles, Pearl Jam, Toto, Pink Floyd, Dire Straits, Coldplay en Guns N' Roses noch altyd de Top 2000 kleurje.
Ha gjin noed oer hiphop en dance, jonges en famkes yn al dy prachtige gitaarbandsjes. Gewoan trochspylje, oant jim it bloed op de fingereinen ha. Rock on!"