Swarte Pyt bliuwt yn Grou by yntocht Sint Piter

25 jan 2019 - 23:29

Oer in pear wiken komt Sint Piter wer nei Grou en ek Swarte Pyt is der dan gewoan by. De lêste jierren stiet Swarte Pyt hieltyd mear ûnder druk, by sawol Sinteklaas as Sint Piter, mar yn Grou bliuwt hy wolkom.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neffens Peter van den Broek fan it komitee 'Sint Piter' kin dat net oars. "Zwarte Piet is een twee-eenheid met Sint Piter. Ze vertegenwoordigen het goed en het kwaad en als tweetal doen ze alles samen. Ze kunnen niet zonder elkaar."

Yntocht

Op sneon 9 febrewaris is de yntocht fan Sint Piter. Der wurde dan ek anty-Swarte Pyt-demonstranten ferwachte.

Peter van den Broek

(Advertinsje)
(Advertinsje)