Kik Pierie: "Wedstrijden tegen Ajax bieden perspectief"

26 jan 2019 - 07:30

"Tegen Ajax een punt pakken is mooi, maar ik baal van de uitschakeling. Toch denk ik zeker dat je aanknopingspunten kunt vinden voor de wedstrijd tegen AZ." Dat seit Hearrenfean-ferdigener Kik Pierie oer de wedstriid fan snein tsjin AZ. De 18-jierrige Ljouwerter liket goed yn syn fel te sitten, no't er sintraal yn de ferdediging stiet.

Kik Pierie: "Wedstrijden tegen Ajax geven perspectief."

"Ja, dat mag je wel zeggen ja." Mei in grutte glimlach reagearret Pierie op de fraach oft hy him goed fielt no't hy wer sintraal yn de ferdigening spilet. De earste helte fan dit seizoen spile hy foaral op de linksbackposysje.

Dave Bulthuis spile sintraal, mar Pierie spile him út de basis en boppedat ferlit Bulthuis Hearrenfean no. "Centraal achterin is denk ik mijn beste positie. Ik kan ook linksback spelen, maar ik denk dat centraal achterin mijn beste positie is. Ik denk dat het team nu ook goed staat. We komen beter aan voetballen toe. Ik hoop dat ik hier voorlopig nog wel even mag blijven staan."

Fuotbaljen op de omskeakeling of dominearje?

Hearrenfean spile twa kear de twadde helte goed tsjin Ajax. Dat die it benammen troch goed te spyljen op de omskeakeling. "Je weet tegen Ajax dat zij het initiatief hebben en veel de bal gaan hebben. Je weet tegen AZ dat je misschien zelf meer de bal gaat hebben. Dat vergt misschien een andere voorbereiding. Ik denk dat we in de discipline hetzelfde moeten doen. We zijn heel goed in de omschakeling, maar we moeten niet vergeten te voetballen. Daar zijn we ook heel goed in."

Dochs liket it lestich om te kiezen foar in goeie taktyk. Hearrenfean wol benammen thús faak oanfallend en dominant fuotbal spylje, mar liket yn de útwedstriden, faak yn de omskeakeling, better te fuotbaljen. "Maar dat hangt dus heel erg af van de tegenstander. Ik denk ook zeker dat we aan de bal goed kunnen zijn. Dat zag je bij vlagen ook tegen Ajax."

AZ is meastentiids ek in ploech dy't inisjatyf nimt en komt om te fuotbaljen. "Als wij ons onder de eerste druk kunnen uitspelen, dan zijn we goed. Dan kunnen we gebruik maken van onze snelle jongens voorin en de balvastheid van Sam Lammers."

Ben Rienstra krijt read tsjin NAC - Foto: www.orange-pictures.nl

By Hearrenfean keare Yuki Kobayashi en Ben Rienstra werom fan in skorsing. Se krigen krekt foar de winterstop in reade kaart tsjin NAC Breda, mar ha der no twa wedstriden skorsing opsitten. Dêrtroch hat trainer Jan Olde Riekerink in lúkseprobleem op it middenfjild. Stijn Schaars is nei de winterstop ek wer werom, Pelle van Amersfoort en Michel Vlap spylje ek yn de basis.

Fermoedlike opstelling: Hahn, Floranus, Høegh, Pierie, Woudenberg, Schaars, Rienstra (of Van Amersfoort), Vlap, Van Bergen, Lammers en Mihajlovic.

De wedstriid Hearrenfean-AZ begjint snein om 16.45 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Kommentator is ferslachjouwer Roelof de Vries.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal AZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)