1300 'objekten' kontenerramp op boaiem Noardsee

25 jan 2019 - 22:25

It sonarskip Luymes fan de Keninklike Marine hat likernôch 1300 saneamde 'kontakten' op de boaiem fan de Noardsee boppe Skylge en It Amelân yn byld brocht. De marine hat guon fan dy sonarbylden frijjûn.

Nettsjinsteande de lege resolúsje binne de omtrekken fan konteners te sjen. De lytsere objekten soene guod út de konteners wêze kinne, dy't begjin jannewaris fan it skip MSC Zoe yn see bedarren.

Skippen

De Luymes is ien fan de twa skippen dy't de marine ynset om te sykjen nei de oerboard sleine konteners.

Foto: Wikimedia Commons

"Die 1-300 contacten kunnen containers zijn of spullen uit de containers", seit Alex Kranenburg, wurdfierder fan de marine. Neffens him is it oan Rykswettersteat en oare belutsen partijen om de bylden te ynterpretearjen.

Yn kaart bringe

De Luymes bringt, tegearre mei in oar skip, de seeboaiem yn kaart. Dat dogge se net allinnich no, mar altyd. Want de boaiem feroaret kontinu. De skippen kinne ek ynsetten wurde om op de boaiem te sykjen nei guod dat ferlern gien is, lykas no dus.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)