Wedstriid Drachtster Boys en Exstudiantes yn it lykwicht

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn yn Zwolle in lykspul behelle. Tsjin it team fan Exstudiantes bleau it úteinlik by 1-1.
Fuotbal © Shutterstock.com
It earste doelpunt fan de wedstriid kaam op namme fan Jessie Prijs; sy skoarde nei in kombinaasje mei Lisanne Kempe. Krekt foar it skoft kaam Exstudiantes op likense hichte. Sanne Pluim pakte de bal en skeat ienfâldich binnen.

Soad kânsen, gjin doelpunten

De twadde helte tusken Drachtster Boys en Exstudiates wie spannend. Dochs koene beide klups mar net skoare. Drachtster Boys hie noch kâns fia Prijs, mar har kopbal einige yn hannen fan keepster Tess van der Flier fan de thúsploech.
Takom wike spilet Drachtster Boys yn 'e eigen sporthal tsjin Reiger Boys.

Avanti ek gelyk

De sealfuotbalsters fan Avanti út Stiens spilen freedtejûn ek lyk. De wedstriid thús tsjin Drs. Vijfje einige úteinlik yn 2-2.