Achtkarspelen kin tenei oerlêst yn de buert hurder oanpakke

25 jan 2019 - 22:03

De gemeente Achtkarspelen wol feroarsakers fan oerlêst yn de buert hurder oanpakke. Wa't faker foar slimme wenôerlêst soarget, kin tenei in boete temjitte sjen.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De boargemaster krijt it foech om sa'n twangsom op te lizzen. De gemeente hat yn it ferfolch ek de mooglikheid om op kosten fan de oerlêstjouwer yn te gripen en in ein oan de hinder te meitsjen.

Mei in strangere oanpak fan wenoerlêst, dy't yn de Algemiene Pleatslike Feroardening opnommen wurdt, stimde de hiele gemeenteried fan Achtkarspelen yn. Neffens boargemasters Gerben Gerbrandy is de nije maatregel fan tapassing op net-winske sitewaasjes by alle objekten.

Trefwurden: 
boete oerlêst Achtkarspelen
(Advertinsje)
(Advertinsje)