Koade giel foar Fryslân opheft, gjin slimme glêdens mear

De KNMI jout foar Fryslân gjin warskôging foar glêdens mear ôf. Yn de provinsje jilde freed in skoftlang koade oranje en dêrnei noch even koade giel, mar sûnt 23.00 oere net mear.
Ungelok op de A32 by Haskerdiken © Richard de Boer / ProNews
It waarynstitút brocht freed oan de ein fan de middei pas koade oranje út. Yn Fryslân fûnen troch de ynienen opkommende izel en winterske buien goed fjirtich ûngelokken plak.
No't de temperatuer stadichoan wer oprûn is, nimt de glêdens hieltyd mear ôf.