Werom yn de tiid: Afonso Alves by SC Hearrenfean

25 jan 2019 - 21:01

De transfergekte is wer losbrutsen: Frenkie de Jong giet foar 86 miljoen euro fan Ajax nei Barcelona en Dave Bulthuis foar 3 ton fan Hearrenfean nei Súd-Koreä. By Hearrenfean giet it dus der wat minder mâl oan ta. Hoe oars wie dat yn 2008, doe't de Brasiliaanske doelpuntemasine Afonso Alves foar 18 miljoen nei Middlesbrough gie.

FIDEO: Sport Fryslân Hjoed

Afonso Alves is ien fan de alderbêsten dy't it pompeblêdeshirt oanlutsen hat. Earst komt Abe, mar dêr efteroan komt de spits út Belo Horizonte. Tink mar oan de legindaryske wedstriid tsjin Heracles Almelo, wêryn't Alves sân kear skoarde. Yn syn alderearste seizoen waard Alves mei 34 doelpunten topskoarer fan Nederlân. En hy wurdt oproppen foar de Braziliaanske nasjonale seleksje: Hearrenfean hat syn eigen "goddelijke kanarie"!

Yn Fryslân Hjoed sieten freed trije manlju dy't alles fertelle kinne oer de perioade fan Alves by Hearrenfean. Yme Kuiper wie doe foarsitter, Henk Hoekstra direkteur finansjele saken en sjoernalist Peter van der Meeren folge Hearrenfean foar de Ljouwerter Krante.

(Advertinsje)
(Advertinsje)