Fryske winners ûnderwiispriis huldige op it provinsjehûs

25 jan 2019 - 20:35

It Lauwers College út Bûtenpost en de fjouwer basisskoallen fan it projekt 'Greidhoeke goes Onderwijs' binne de winners fan de Fryske Underwiispriis. Deputearre Sietske Poepjes hat de prizen freedtemiddei útrikt yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Foto: Provinsje Fryslân

De Fryske Underwiispriis is in priis dy't ynsteld is om de kreativiteit yn it ûnderwiis ûnder de oandacht te bringen. De fjouwer skoallen by it projekt 'Greidhoeke goes Onderwijs', De Opslach (Wommels), De Romte (Itens), De Stjelp (Baard) en It Bynt (Winsum), folgje de reis fan de skries nei Fryslân en werom. De bern komme op skoalle yn de kunde mei de lannen dêr't de skries delkomt.

Skiekunde

It Lauwers College krigen de priis foar de bysûndere wize fan it jaan fan skiekunde op skoalle. Troch iten de sierden moasten de bern harren ferdjipje yn de gemyske prosessen dy't in rol spylje by it bakken fan oaljekoeken.

De winnende skoallen wurde automatysk nominearre foar de Nationale Onderwijsprijs. De finale dêrfan is op 27 maart yn Leiden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)