Sander Arends nei finale dûbeldspul yn Rennes

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat de finale helle fan it challengertoernoai yn it Frânske Rennes. Mei syn dûbeldpartner Tristan-Samuel Weissborn út Eastenryk wie er mei 3-6, 6-3 en 10-6 te sterk foar Jürgen Melzer en Filip Polásek.
Sander Arends © www.orange-pictures.nl
Yn de earste set sloegen Arends en Weissborn mar 52 persint fan har earste opslach yn. De twadde set gie it earsteservicepersintaazje in stik omheech: nei 82. Dêrmei twongen se de supertiebreak ôf, dy't se mei 10-6 wûnen.
De finale is snein. Tsjin wa't se moatte, is noch net bekend. De twadde heale finale, tusken Neis/Raja en Pel/Sancic, wurdt sneon spile.