Judoka Sanne Vermeer pakt brûns yn Tel Aviv

25 jan 2019 - 18:34

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat freedtemiddei in brûnzen medalje helle by de Grand Prix yn Tel Aviv. Yn de twadde stêd fan Israel einige de Friezinne op it tredde plak yn de klasse oant 63 kilogram.

Sanne Vermeer - Foto: Orange Pictures

Vermeer ferlear al wol yn de twadde ronde, fan Valtenina Kostenko út Ruslân. Dochs koe se yn 'e werkânsing noch it poadium berikke. Yn de striid om it brûns wie Vermeer sterker as Ketleyn Quadros út Brazilië.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer Grand Prix
(advertinsje)
(advertinsje)