Wurkstraf foar vegan streaker nei ynslûpen by kninefokkerij

25 jan 2019 - 18:17

De vegan streaker, in diere-aktivist út Stiens, moat in taakstraf fan fjirtich oeren dwaan. De plysjerjochter yn Breda hat him dêrta feroardiele, fanwegen it ynslûpen by in kninefokkerij yn Brabân.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

As er de kommende twa jier wer soks docht, dan moat er in wike de sel yn. Hy moat de fokker ek 350 euro smertejild betelje.

De aksjefierder frege yn it ferline faker omtinken foar dierewolwêzen. In jier lyn rekke er noch ferwûne, doe't er in bollefjochtwedstriid yn Kolombia fersteurde. Mei dy aksje woe Janssen opnij de oandacht fêstigje op it leed dat de bollen yn de arena oandien wurdt.

LTO bliid mei útspraak

De belange-organisaasje fan agraryske ûndernimmers, LTO, is wiis mei it oardiel fan de rjochter. "Het heeft dus zin om aangifte te doen", seit in wurdfierster. Neffens har hat de vegan streaker de privacy fan de kninefokker oantaaste, om't er filmkes makke hat.

(advertinsje)
(advertinsje)