Wedstriid froulju SC Hearrenfean fan sneon is ek útsteld

25 jan 2019 - 17:39

De wedstriid fan de froulju fan Sportklup Hearrenfean, dy't sneon spylje soene tsjin Saestum yn Zeist, giet net troch. Dat hat te krijen mei it fjlid, dat ôfkard is.

Foto: Wiegmink Media

It duel tusken de Feanfroulju en Saestum wie de achtste finale fan de striid om de KNVB Beker. Der is al wol in nije datum fûn; de wedstriid sil op tiisdeitejûn 12 febrewaris ynhelle wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)