Cambuur - Go Ahead Eagles net freed, mar moandei
De thúswedstriid fan Cambuur tsjin Go Ahead Eagles giet freedtejûn net troch. Dat komt troch de ekstreme winterske omstannichheden en de glêdens op de dyk.
Ard de Graaf
Dat is besletten nei oerlis tusken de gemeente Ljouwert, beide klups en de KNVB. Foar de supporters is it net feilich om nei it stadion te kommen.
"Veiligheid gaat voor"
Ard de Graaf, algemien direkteur fan Cambuur, fynt it spitich dat de wedstriid net trochgiet. "Dit is altijd vervelend, maar je speelt voor het publiek, voor de supporters. Dan gaat veiligheid in dit geval voor."
René Hake
De wedstriid wurdt takom moandei om 20.00 oere ynhelle.