IIshockeytopper Flyers - Herentals ôfsein om glêdens

25 jan 2019 - 16:52

De kompetysjewedstriid fan de UNIS Flyers tsjin HYC Herentals giet freedtejûn net troch. Oarsaak is de glêdens op de dyk, wêrtroch't it foar de Belgen net fertroud is om de reis nei Fryslân te meitsjen. It is net de earste kear dat Flyers - Herentals ôfsein wurdt: yn desimber koe de wedstriid net trochgean om't de iishockeyhal op Thialf ticht moast.

Brent Janssen - Foto: www.orange-pictures.nl

De tsjinstanners fan de Flyers, Herentals, komme út de buert fan Antwerpen. Sy wiene freed al yn de buert fan Eindhoven, doe't de kompetysjelieder besleat om de wedstriid derút te smiten.

Flyers - Herentals soe in topper wêze yn de BeNe-League: de Belgen binne koprinner mei 40 punten, de Flyers steane twadde mei ien punt minder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)