Seehûnepopulaasje yn de Waadsee groeit flink

25 jan 2019 - 16:26

It giet goed mei de gewoane seehûn yn de Waadsee, de populaasje groeit sterk. Neffens Wageningen University & Research libje der yn it ynternasjonale Waadgebiet no sa'n 40.000 gewoane seehûnen. Ek mei de grize seehûn giet it hieltiten better. Dêr binne der no likernôch 6.000 fan.

seehûn strân rob robbe - Foto: Shutterstock.com

Yn 1974 wiene der noch mar 3.571 gewoane seehûnen oer yn de Waadsee. Troch behearmaatregels en ferbettering fan de seewetterkwaliteit is it dêrnei hieltiten better gien.

Seehûnen binne de grutste rôfdieren dy't yn Nederlân foarkomme. Se ite alle dagen 4,6 kilo fisk út de Waadsee. Guon partijen jouwe de seehûn dêrom de skuld fan de achterútgong fan de fiskstân, mar neffens de Wageningse ûndersikers is dêr gjin bewiis foar. Sy sizze dat de fiskstân al achterút gie doe't der noch mar in hiel pear seehûnen yn de Waadsee oer wiene. Ek brúnfisken en fûgels ite fisk, sizze de ûndersikers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)