Rykswettersteat oer glêdens: Bliuw thús, as it heal kin

Automobilisten yn Fryslân moatte freedtemiddei en freedtejûn rekken hâlde mei tige glêde diken fanwegen izel. Rûnom yn de provinsje hawwe tsientallen ûngelokken west. Benammen op de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert en op de Wâldwei tusken Drachten en Ljouwert is it sjippeglêd. Minsken wurdt oanret stadich te riden en genôch ôfstân te hâlden.
FIDEO Bauke Deelstra live oer de izel yn Fryslân
Rûnom yn de provinsje barre der freedtemiddei ûngelokken. Op de A32, tusken It Hearrenfean en Ljouwert, en de Wâldwei, tusken Drachten en Ljouwert, barden yn in kertier tiid sântjin ûngelokken.
Fryske diken sjippeglêd
Oant no ta giet it op de sneldiken en de provinsjale diken om goed fjirtich ûngelokken.

Sneldyk sjippeglêd

Op de sneldyk A32 by Haskerdiken rekke ûnder mear in auto fan de dyk, dy't op 'e kop yn de sleat bedarre.
© Srfotografie
It KNMI hat yntusken koade oranje ôfkundige foar de provinsje Fryslân. Dat is de op-ien-nei heechste warskôging fan it waarynstitút, foar gefaarlik of ekstreem waar. Yn 'e rin fan de jûn wurdt it waarmer en sil de glêdens stadichoan ferdwine.
Ungelok op de A32 by Haskerdiken © Richard de Boer / ProNews