Boer út Gersleat krijt wurkstraf foar swiere mishanneling

25 jan 2019 - 15:35

In boer út Gersleat hat in wurkstraf fan 150 oeren krige, omdat er in frou swier mishannele hat en twa plysjeminsken misledige hat. De frou wenne in skoftke by him yn. Hy mishannele har troch har mei in fierrikker klem te riden yn in silo.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Se bruts har bekken en har pols en rûn kniesde ribben op. Neffens de frou die de boer dat mei opset sin. De boer seit dat de frou sels oan it stjoer fan de fierrikker lutsen hat. Neffens de rjochtbank hat de man dêrnei hielendal gjin meilibben toand. Doe't bliken die dat de frou ferwûne rekke wie, wegere er 112 te beljen.

Twa plysjes krigen seis dagen letter de wyn fan foaren, doe't se by him kamen, omdat de man in berjocht de wrâld ynstjoerd hie dat er de hûn fan de frou ophongen hie. De boer skold de plysjes út en smiet in amer molke oer se hinne.

Finzenis

Omdat de man alris earder in wurkstraf krigen hie en der wetlik sjoen net noch krekt sa'n straf oplein wurde mei, moat de boer út Gersleat ien dei de finzenis yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)