Snie yn Fryslân en letter izel: struiweinen de diken op

25 jan 2019 - 15:22

Fanwegen it winterwaar en de ferwachte glêdens yn Fryslân, binne rûnom de hiele provinsje de struiweinen de dyk op. Freedtemiddei foel snie, letter komt der mooglik izel.

Foto: De Vries Media

De struiweinen fan de provinsje binne al sûnt it begjin fan de middei op de dyk. De gemeente Ljouwert hat ek al it materieel de dyk op stjoerd.

Trefwurden: 
struie glêdens izel
(advertinsje)
(advertinsje)