Plysje útriden nei 'bommelding' by Willem-Alexanderplein yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert is freedtemiddei útriden nei de supermerken fan de Lidl en de Aldi oan it Willem-Alexanderplein yn Ljouwert. Oanlieding wie in melding dy't by de plysje binnen kaam oer in fertochte situaasje. Neffens omstanners dy't yn de winkel wiene, gie it om in bommelding. Dat wol de plysje lykwols net sizze.
© Nick den Boer
De supermerken hawwe mear as in healoere ticht west en waarden ûntromme. Nei in kontrôle fan de plysje die bliken dat der neat oan 'e hân wie. Dy giet noch wol útsykjen wêr't de melding krekt weikaam en wat der krekt bard is.