Freedsmerk: "We wolle allegear it lêste nijs witte, mar it mei eins neat kostje"

25 jan 2019 - 14:11

We wolle allegear graach it lêste nijs witte, mar it mei eins neat kostje. Dy konklúzje koe wol lutsen wurde op de Ljouwerter freedsmerk. De lanlike trend jout al jierren oan dat it tal betelle abonneminten fan kranten ôfnimt. NU.nl en oare nijssites binne populêr, mar ek krije in soad minsken de berjochten fia Facebook ûnder eagen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ik moat papier ha. Moarns mei in bakje kofje eefkes rêstich in krantsje lêze, hearlik!

Krantelêzer op de freedsmerk

Echte krantelêzers wiene der ek noch in soad, benammen ûnder de âlderen: "Ik moat papier ha. Moarns mei in bakje kofje efkes rêstich in krantsje lêze, hearlik!" Ek hiene ferskate minsken sels in dûbel abonnemint: op in regionale krante én in lanlike. "Mar dy lêze we dan wol mei de buorlju."

Witte minsken op de merk wol wannear't eat nepnijs is? Is nijs wol betrouber as je net witte út hokker boarne it komt? "Ik wit it nea seker. Moatst der mar op fertrouwe, mar seker witte doch ik it net", fertelt in frou. Mar dêr sjocht se gjin gefaar yn. "Ik bin immen mei in reedlik goed ferstân en ik brûk ferskillende boarnen."

De measte online-lêzers wiene wol sa earlik om te sizzen dat se it meast kieze foar de wat sensasjonele berjochten. Lykas filmkes mei slaanderij, ûngelokken, gekke katten of bizar 'pulpnijs' dat eins net folle om 'e hakken hat. Artikels oer de plannen fan in steatssekretaris fynt in frou net ynteressant, fertelt se. "Veel te droge kost!"

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk yn Ljouwert

Binne minsken ek noch ree om te beteljen foar it nijs? "Ik denk het niet, want het wordt hartstikke duur", fertelt in frou. Dat sjoernalisten betelle krije moatte, begrypt sy hiel goed. "Maar ik neem 'm dan gewoon niet."

Trefwurden: 
nepnijs freedsmerk krante
(Advertinsje)
(Advertinsje)