Der komt snie oan, mar SC Cambuur-Go Ahead giet foarearst troch

25 jan 2019 - 13:51

De wedstriid fan SC Cambuur tsjin Go Ahead Eagles fan freedtejûn giet foarearst troch. It fjild is wol hurd troch de froast en de snie.

Foto: Omrop Fryslân

Grinsrjochter Mario Diks fan Ljouwert hat freed om healwei tolven al by Cambuur west om it fjild te ynspektearjen. "Sa as it no liket, kin der spile wurde", seit ferslachjouwer Andor Faber. Hy is freedtejûn ek by de wedstriid oanwêzich. Mooglik wurdt it fjild letter op de dei noch beoardiele troch skiedsrjochter Edwin van de Graaf.

Team hellet snie fuort

"Der komt snie oan en omdat de boaiem hurd is, sakket dat net yn de grûn. It bliuwt lizzen. Mar der is in team fan minsken dat de snie fuorthellet, as it nedich is."

Tongersdei hie trainer René Hake al witte litten dat it fjild neffens him "hard en gevaarlijk" is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)