Akku fan elektryske fyts ûntploft en feroarsaket brân yn Wergea

25 jan 2019 - 13:36

Grutte skrik by Jan en Rimmy Tijsma fan Wergea sneontenacht. Se waarden midden yn de nacht wekker fan hurde knallen. De akku's fan harren elektryske fytsen wiene ûnder it laden ûntploft en setten de húskeamer yn 'e brân.

Akku's elektryske fytsen ûntploffe

De skea yn it hûs is grut, alles moat ferfongen wurde. "We tochten earst oan ynbrekkers, mar dan hiene se wol in hiel soad lawaai", fertelt Jan Tijsma. "Ik bin nei ûnderen ta gean. Alles wie swart en de tafel stie yn 'e brân. We binne gau nei bûten gean en hawwe de brânwacht belle."

Jan Tijsma

Dat der ûngelokken barre mei dit type fytsakku is neat nijs. Yn july foarich jier ûntstie der in grutte brân by in opslach fan elektryske fytsen yn Nunspeet. Ek binne der oare gefallen bekend fan akku's dy't by minsken thús ûntploften. Sa'n ûntploffing fan elektryske-fytsakku's soe ien kear yn de moanne foarkomme.

BMS

Dy ûnderfining hat fytsferkeaper Johan Terpstra yn Hurdegaryp ek. "Ik tink dat der gjin befeiliging yn sit. By ús merken sit der BMS yn, in Battery Management System, en dat foarkomt dat in akku te hyt wurdt by it laden. Dan hâldt de hiele boel gewoan op." Terpstra ferkeapet al tweintich jier elektryske fytsen, mar hat noch nea sa'n ynsidint meimakke.

Om der wis fan te wêzen datst in feilige fyts keapest, riedt Terpstra oan om dy net online te keapjen.

Trefwurden: 
brand elektryske fyts akku
(Advertinsje)
(Advertinsje)