Fryske brokkepiloaten reitsje faak harren drone kwyt

25 jan 2019 - 12:44

Minsken yn Fryslân reitsje folle faker harren drone kwyt as piloaten út oare provinsjes. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Aansprakelijkheidsverzekering Informatie Centrum, it A.I.C. Dat frege ynformaasje op oer ûngelokken mei drones. Yn Fryslân rekket 17,5 persint faker in fleanend tasteltsje poater as it lanlik gemiddelde.

In drone - Foto: Custom Drone

Foar it ûndersyk waarden 545 ynsidinten besjoen wêrby't piloaten harren drone ferlearen. Dat komt faak trochdat it sinjaal tusken de drone en de ôfstânsbetsjinning ferlern giet. Dat wie yn 64 persint fan de ynsidinten it gefal, sa docht bliken út it ûndersyk fan it A.I.C.

In twadde oarsaak is de wyn. Yn 26 persint fan de ûngelokken mei drones soarge de wyn foar kontakferlies. By mar hast twa persint fan de ynsidinten wie de oarsaak in lege batterij.

Fersekering

It ynformaasjesintrum meldt dat dronepiloaten der goed oan dogge om goed te hifkjen oft en hoe de drone fersekere is. Fersekerders stelle faak strange easken oan it fergoedzjen fan in ûngelok mei in drone.

Trefwurden: 
ûndersyk drone
(advertinsje)
(advertinsje)