KIMO-projekt 'Fishing for Litter' krijt it dreech nei kontenerramp

25 jan 2019 - 11:27

KIMO, de milieuferiening fan kustgemeenten yn Nederlân en België, tinkt dat foar it opromjen fan alle ôffal troch de kontenerramp MSC Zoe de kommende jierren minimaal oardel miljoen euro nedich is.

Foto: Kustwacht Nederland

Der wurdt alle jierren gemiddeld sa'n 300 ton oan ôffal sammele yn de 12 oansletten fiskershavens, troch de kontenerramp is allinnich al 9000 ton oan guod yn de Noardsee ferdwûn. Tritich kear safolle dus as oars yn in hiel jier út see helle wurdt.

Yn in ekstra gearkomste waard tongersdei dúdlik dat KIMO sels net oer it nedige jild beskikt. It gearwurkingsferbân fan kustgemeenten wol dêrom sa gau mooglik nei de minister fan Ferkear en Wettersteat foar finansjele stipe. Ek sil reder MSC benadere wurde foar in bydrage yn de kosten.

Wethâlder Harry Boon fan Harns

"De bergingsactie zal een keer eindigen en dan treedt de reguliere situatie weer in", seit wethâlder Harry Boon fan Harns. It projekt Fishing for Litter, wêrby't 124 fiskers frijwillich ôffal sammelje en nei de havens bringe, komt wol yn de problemen. "Het kan lang niet uit de voeten met de 150.000 euro die ze jaarlijks nodig hebben. Er komt veel meer rommel in de netten van de vissers. Ze krijgen van ons speciale big-bags voor het afval."

Tongersdei makke bergingsmaatskippij BDS út Harns bekend dat it opfiske guod út de konteners net ferwurke wurdt troch de REC. De ôffaloven soe it wiete guod net ferwurkje kinne. It ôffal wurdt no ferwurke yn Wijster, Delfzijl en Alkmaar.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp KIMO
(Advertinsje)
(Advertinsje)