Zeneli giet fuort by SC Hearrenfean, krekt as Dave Bulthuis

25 jan 2019 - 10:57

Gjin Arber Zeneli mear en ek gjin Dave Bulthuis. Dizze spilers ferlitte SC Hearrenfean yn de winter. De transfermerk is noch even iepen. Der sil wat barre by Hearrenfean, seit technysk manager Gerry Hamstra.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hy is yn de lêste wike fan de transfermerk drok op syk nei definsive fersterkingen. "De situatie van de club is dat we eerst moesten verkopen, voordat we iets kunnen doen. En er gaat nu wel wat gebeuren", sa seit Hamstra. "We willen vooral achterin extra opties."

Arber Zeneli

Sa is oanfaller Arber Zeneli freed yn petear mei Stade Reims oer in transfer. SC Hearrenfean hat al in akkoart mei de nûmer 12 fan de Frânske kompetysje. Technysk manager Gerry Hamstra wol neat sizze oer de transfersom, mar der wurdt praat oer in bedrach tusken de trije en fjouwer miljoen euro.

Dave Bulthuis

Ek Dave Bulthuis ferlit SC Hearrenfean. De ferdigener fljocht takom wykein nei Súd-Koreä om in kontrakt te tekenjen by Ulsan Hyundai. Hamstra: "Wij hebben aangegeven dat Dave op zoek mocht naar een andere club en er was behoorlijk wat interesse. Want vergis je niet, hij heeft gespeeld bij FC Utrecht, FC Nürnberg en bij ons. Hij heeft best een aardige CV." Bulthuis kaam in jier lyn oer fan FK Qabala yn Azerbeidzjan, mar is krekt foar de winterstop syn basisplak kwytrekke.

Earder dizze wike naam SC Hearrenfean al ôfskied fan Marco Rojas. De oanfaller út Nij-Seelân giet nei it Deenske SønderjyskE. Fierder hat Gerry Hamstra noch altiten de hoop om Morten Thorsby dizze transferperioade noch te ferkeapjen oan Sampdoria. De Noarske middenfjilder hat al in kontrakt tekene by de Italiaanske middenmoater en giet oan de ein fan dit seizoen transferfrij oer. Thorsby is troch de direksje werom set nei de beloften. "We proberen Morten nog wel te verkopen, maar op dit moment ligt de bal bij Sampdoria", seit Hamstra.

Sam Lammers

Foar oanfaller Sam Lammers is in soad ynteresse. Neffens Italiaanske media wol Sampdoria de PSV-hierling oernimme, mar dat is neffens Hamstra net oan de oarder. "Dat is voor ons geen optie. Het huurcontract met PSV is dusdanig dichtgetimmerd, dat als wij zeggen dat het niet doorgaat, dan gaat dat niet door."

(advertinsje)