Fytser dochs ferwûne by botsing Kollum: plysje siket bestjoerder auto

De plysje siket de bestjoerder fan in brûnskleurige Fiat, dy't tiisdei belutsen wie by in ûngelok op de Trekwei yn Kollum. Op 'e hichte fan Garaazje Fennema wie in oanriding tusken de automobilist en in fytser.
Fytspaad © Shutterstock.com
De bestjoerder stapte út om te fernimmen hoe't it mei de fytser gie. Dy joech oan dat hy neat hie, wêrnei't de bestjoerder fierder ried. De twa hiene lykwols gjin gegevens útwiksele. Efternei docht bliken dat de fytser dochs ferwûne rekke is. Hy wol dêrom graach yn kontakt komme mei de ûngefear 20 jier âlde bestjoerder fan de auto.