Brân by meubelsaak yn it sintrum fan Ljouwert

By in meubelsaak oan de Voorstreek yn Ljouwert is freedtemoarn om 10.00 oere hinne brân ûntstien. De brânwacht skaalde út foarsoarch fuort op nei 'middelbrân', om't brannen yn de binnenstêd faak lestich te dwêsten binne.
De brânwacht hie it brantsje frij fluch ûnder kontrôle. By de brân kaam benammen reek frij. Der waard ek in ambulânse oproppen, mar it personiel dêrfan hoegde net yn aksje te kommen. In ferwaarmingstsjettel hat de oarsaak fan de brân west, meldt Brânwacht Fryslân.