In knip yn de Alde Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost? Dy komt der net

25 jan 2019 - 07:54

Der komt dochs gjin knip yn de Alde Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Achtkarspelen woene de dyk mei de knip ôfslute foar trochgeand ferkear, mar de gemeenteried kearde it plan tongersdei.

Foto: Atze van der Ploeg

It foarnimmen fan it kolleezje soarge foar in soad opskuor, der wiene sawol foar- as tsjinstanners foar it yn twaen knippen fan de dyk. De gemeenteried is him bewust fan dy ferdieldheid en wol no dat de dyk feiliger makke wurdt, sûnder dy yn twa dielen te knippen.

Oanlieding foar it kolleezje om mei it útstel foar de knip te kommen, wie dat der hurd riden wurdt, wat foar ûnfeilige situaasjes soarget foar fytsers. Der is boppedat in soad slûpferkear op de dyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)