Kollum: "Freed giet it oan"

25 jan 2019 - 07:20

"Winterwûnderlân yn ús provinsje en myn enerzjypeil sjit omheech! It is hearlik om bûten te wêzen, ik krij spontaan nocht om te húshimmeljen en de omjouwing is in mearke. It is dan ynienen sa'n heldere, skjinne en ljochte wrâld en ik hoopje dan ek fan herte dat it trochset.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Ik bin net in oerdreaun goede reedrider, mar mei wol graach op it iis omslaan en dan leaver op natueriis as op in iisbaan. As bern bin ik fansels begûn op houtsjes, mar op 't lêst hie ik dêr myn nocht fan. Dan moasten de moffen wer út om dy dingen better ûnder te binen en ek al koe ik my der prima op rêde, ik woe Noaren.

Dat ha 'k witten! Altyd seare en kâlde fuotten en wol gauris troch it ankel. It wiene gjin hege noaren, mar dochs gong it net sa goed as ik hope hie. Lokkich kamen doe de redens mei de sachte binnenskoech! Ik ha in gloednij pear kocht en dat ha 'k noch. Nea wer kâlde en seare fuotten en troch de hurde plestik skoech ek nea wer troch it ankel.

De lju dy't op bleate fuotten yn 'e redens stappe, begryp ik echt net, mar dat nimt net wei dat ik it wol knap fyn. Ik ha ek in soad bewûndering foar minsken dy't hiel goed ride kinne en mei de eagen ticht bochtsje stappe en sierlik oer it iis fleane mei de hannen op 'e rêch. En dan ek nochris mei in úthâldingsfermogen fan hjir oant Tokio.

Dat ha ik allegear net. As ik wat om pierewaaie kin fan de iene koek-en-zopietinte nei de oare en gesellich wat eamelje kin hjir en dêr, dan ha ik al in topdei. Ik ha fan myn libben noch nea in tocht riden en dat sil der ek wol net mear fan komme. Ik ken mysels en myn swakke punten.

Mar hoe't ik ek fan in goede reedrider genietsje kin, ik ha der tagelyk ek wol wat in trauma oan oerholden. As de feart yn Alde Leie eartiids tichtferzen wie, dan kamen ek de kloften reedriders op 'e lap dy't op training sieten en dus goed ride koene. De jongerein hie faak trainingspakken mei de namme 'Jensma' derop en ik koe se op 't lêst wol sjitte.

Want in protte fan dy semy-profesjonele eigenwize reedriders hawwe itselde probleem as harren kollega's hurdfytsers; gong is alles en sy binne de baas op 'e baan. En asto dêr dan tafallich krekt op dyn snút giest of mei de hûn omdangelest, dan moatte sy ôfremje en sa sosjaal binne se meastal net. Dus flokke se in kear en sjogge se dy mâl oan, want sy moatte troch! Sy kinne ride en wolle net wachtsje omdat der sa'n prutser op it iis leit.

It trauma spile wer op doe't ik meigong as begelieder mei it skoalleriden. De bern hiene dan op op de binnenbaan les en dan koene wy op de bûtenbaan ride. En dêr wiene se ek wer, fansels. Blits pak oan, gong as in kûgel en wer mei sa'n aaklike 'Ik kin goed ride en do net, dus oan 'e kant!' segrinige reedriderskop.

As ik it oprêde kin, dan gean ik echt wol op 'e tiid oan 'e kant, mar dat slagget net altyd like flot en handich. Ik doch myn bêst, echt wier! Mar behannelje my net as in hûn, hurdriders! Ik bin âlder, mar benammen ek wizer wurden en hâld my net mear stil om de leave frede te bewarjen. Mei oare wurden: It giet oan! Kom mar op mei dy winter!

(Advertinsje)
(Advertinsje)