Fersekerder FBTO komt mei 'It giet oannuleringsdekking'

25 jan 2019 - 07:09

Minsken mei in jildich startbewiis foar de Alvestêdetocht krije de annulearringskosten fan harren fakânsje werom as de Tocht der Tochten trochgiet. Alteast, as se de saneamde 'It giet oannuleringsdekking' fan fersekerder FBTO nimme.

Foto: Omrop Fryslân

Jacob Stelwagen yn petear mei Cindy de Vries fan FBTO

De fersekerder hat ûndersyk dien ûnder 500 minsken. Nei eigen sizzen boekt tritich prosint fan de minsken gjin fakânsje yn de moannen desimber, jannewaris en febrewaris om't se benaud binne dat se oars de Alvestêdetocht misse. Foar dy minsken is no de 'It giet oannuleringsdekking' betocht. Dat hâldt yn dat minsken de kosten foar it annulearjen fan harren fakânsje werom krije, wannear't de Tocht der Tochten trochgiet.

Allinnich mei in startbewiis

It ûndersyk waard online útfierd. Fan de 500 respondinten hiene der mar fjirtich in startbewiis. Dochs jildt de fersekering net foar minsken dy't harren fakânsje ôfbrekke om allinnich mar te sjen nei de tocht: "Wy hawwe sjoen wat we echt wichtich fûnen. Dat binne de minsken dy't net op fakânsje gean om't se de tocht ride wolle. Dy groep wolle wy no de kâns jaan om dochs op fakânsje te gean yn de winter, bygelyks om te trainen yn in gebiet dêr't wol iis leit," sa seit Cindy de Vries fan FBTO.

Neffens De Vries is noch net te sizzen oft der al minsken binne dy harren oanmeld hawwe nei oanlieding fan de nije dekking. "Mar de minsken dy't al in reguliere annulearringsfersekering hiene krije de 'It giet oannuleringsdekking' der gratis by."

Trefwurden: 
Alvestêdetocht FBTO
(Advertinsje)
(Advertinsje)