Trekkerprotest by riedsgearkomste oer bou wenwyk De Warren by Burgum, mar noch gjin beslút
Gjin dúdlikens, mar wol in protte diskusje. In twingende deadline en, as it net trochgiet, in priiskaartsje fan 3,5 miljoen euro. Dit is yn it koart it ferhaal fan de noch te bouwen wenwyk De Warren krekt bûten Burgum. Tsjinstanners wiene mei de trekker kaam út protest tsjin de plannen.
Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei boeresoannen Hendrik Westra en Bauke Geerligs
Yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel kaam de kwestje tongersdeitejûn op it aljemint by de behanneling fan it ûnderwerp wenfyzje. De nije wenwyk komt sa'n oardel kilometer bûten it doarp, westlik fan de Sintrale As.
Trekkerprotest
Benammen yn de omkriten is der ferset tsjin dit plan. Sa waard tongersdeitejûn foar it gemeentehûs protestearre mei trekkers mei in karre derachter mei in spandoek derop. Boeresoannen Hendrik Westra en Bauke Geerligs binne net bliid mei de plannen.
Jarretank
"It giet ten koste fan ús buorkerij, it set ús bedriuw op slot en it bedriuw wurdt minder wurdich", sa sizze de manlju. "Wy fine fierders dat se nei bouwe mei yn de natuer. As de plannen wol trochgean, komme wy mei de jarretank."