Jongerein smyt stien troch rút yn Twizelerheide
In groepke bern hat tongersdeitejûn in stien troch in rút smiten. Dat barde by in wenning oan de Smitswei yn Twizelerheide.
Neffens de plysje giet it om in groepke bern dat ek op oare plakken yn it doarp ferfelend wie. Sa binne der op ferskate adressen snieballen tsjin ruten oansmiten. De plysje seit op Facebook 'dat wij liever zien dat de daders zichzelf melden, maar daar hebben we niet zo veel vertrouwen in'.