SC Hearrenfean yn beker útskeakele troch Ajax

24 jan 2019 - 22:37

SC Hearrenfean is tongersdeitejûn útskeakele yn de kwartfinale fan it bekertoernoai. Ajax wie yn de Johan Cruijff Arena mei 3-1 te sterk. De Feansters spilen in kânsleaze wedstriid. By it skoft wie it al 3-0 foar de Amsterdammers.

Jan Olde Riekerink nei bekerwedstriid

Ajax stoarmet yn begjin fan de wedstriid

Ajax kaam al nei trije minuten op foarsprong. Noussair Mazraoui krige de bal fan Kristensen en koe frij ynsjitte. De Amsterdammers besochten dêrnei troch te drukken. Hahn moast in foarset fan Blind fuortwurkje, en Huntelaar kopte krekt njonken de goal.

Nei goed in kertier ferdûbele Ajax de foarsprong. Donny van de Beek makke it doelpunt nei in hoekskop fan Hakim Ziyech. It like derop dat de middenfjilder hands makke, mar troch in technyske steuring wurke de VAR de hiele jûn net yn Amsterdam en waard de goal goedkard.

Amsterdammers dinderje troch

Fiif minuten letter wie it hast 3-0, mar keeper Hahn koe de bal fan Huntelaar noch krekt tsjinhâlde. Tsien minuten foar it skoft wie der in earste kâns(ke) foar Hearrenfean, mar de bal fan Van Bergen gie njonken. Oan de oare kant wie it dêrnei wol raak: Donny van de Beek makke der mei syn twadde doelpunt 3-0 fan.

Warner Hahn koe krekt foar it skoft noch foarkomme dat Ziyech der 4-0 fan makke.

Hearrenfean better, mar net goed genôch

Nettsjinsteande de efterstân wiksele Jan Olde Riekerink gjin spilers yn it skoft. Yn de twadde helte wie de earste kâns ek wer foar Ajax. Keeper Hahn koe rêde op in skot fan Daley Blind. Hearrenfean kaam dêrnei wat better yn de wedstriid. Zeneli krige ek twa kânsen foar de Feansters, mar slagge der net yn om it doelpunt te meitsjen.

Mei de 3-0 foarsprong fûn Ajax it fierder wol bêst. De Amsterdammers hellen de foet fan it gaspedaal en besochten it duel rêstich út te spyljen. Hearrenfean besocht it dêrnei mei in pear wiksels, krige ek wol wat kânskes troch Lammers en Zeneli, mar wie eins ûnmachtich.

Dochs waard it noch 3-1 troch in moai doelpunt fan Pelle van Amersfoort. Yn de lêste minút krige Hearrenfean sels noch in penalty, mar keeper Onana pakte de ynset fan Sam Lammers.

Lucas Woudenberg nei bekerwedstriid

Ajax troch nei heale finale

Troch de winst giet Ajax in ronde fierder yn it bekertoernoai. Earder pleatsten AZ, Willem II en Feyenoord harren al foar de heale finale. Sneontejûn is dêr de lotting foar. It wie de twadde kear dizze wike dat Hearrenfean yn Amsterdam tsjin Ajax spile. Yn de kompetysje waard it ôfrûne snein 4-4.

Ajax - SC Hearrenfean 3-1 (3-0) 3. Noussair Mazraoui, 16. Donny van de Beek, 38. Donny van de Beek, 84. Van Amersfoort

Opstelling Hearrenfean: Hahn; Floranus, Høegh, Pierie, Woudenberg; Schaars (63/Kongolo), Van Amersfoort, Vlap (74/Bruijn); Van Bergen (69/Mihajlovic), Lammers, Zeneli

(Advertinsje)
(Advertinsje)