Azc Balk sa goed as wis yn april of maaie wer iepen

It azc yn Balk kin sa goed as wis yn april of maaie wer iepen. De gemeente sil de proseduere foar in definitive fergunning op gong bringe. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik op in ynformaasjegearkomste oer de weriepening fan it azc.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It sintrum hat offisjeel gjin fergunning om't in ferkearde proseduere folge is. Dy moat no oer, en dat kin moannen duorje. Om't der sa gau mooglik ferlet is fan in opfanglokaasje wol de gemeente De Fryske Marren it azc Balk ynskewiele, sa't it yn april of maaie wer iepen kin. Wol moat de gemeenteried der noch oer te set.
Op de ynformaasjegearkomste kamen tongersdeitejûn sawat 150 minsken ôf. Oer it algemien wiene se posityf oer it weromkommen fan it azc. Der wiene wol wat fragen oer de feiligens by guon fan de direkte omwenners en der kaam krityk op it net folgjen fan de goede prosedueres.