Skiedend boargemaster Gerbrandy eareboarger fan Achtkarspelen
De gemeente Achtkarspelen hat der in eareboarger by. Skiedend boargemaster Gerben Gerbrandy krige tongersdeitejûn op de riedsgearkomste de earepinning oerlange. "Ik bin echt oerdondere", sa reagearre in fereare Gerbrandy.
Boargemaster Gerbrandy hâldt begjin febrewaris op yn Achtkarspelen. Oebele Brouwer sil syn plak ynnimme yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.