Sander Arends nei heale finale yn Rennes

24 jan 2019 - 21:40

Ljouwerter Sander Arends hat de heale finale berikt fan it challengertoernoai yn it Frânske Rennes. Yn de kwartfinale wie hy tegearre mei Tristan-Samuel Weissborn mei 6-4 7-6 te sterk foar Adil Shamasdin en Rameez Junaid.

Sander Arends yn aksje - Foto: orangepictures.nl

Freed spylje Arends en Weissborn de heale finale yn Rennes. Se nimme it dan op tsjin Melzer en Polasek. Ferline wike wiene dat de tsjinstanners yn de earste ronde fan it toernoai fan Koblenz. Doe wiene Melzer en Polasek dúdlik better.

(Advertinsje)
(Advertinsje)