Hegeskoallen Van Hall Larenstein en InHolland wurkje gear yn ûndersyk nei bijen

24 jan 2019 - 21:08

Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert sil mear gearwurkje mei hegeskoalle InHolland. De gearwurking sil benammen plakfine op it mêd fan praktykûndersyk nei bijen en oare ynsekten.

Bijen - Foto: Shutterstock.com

Frens Pries is lektor bijsûnens by Van Hall Larenstein. Hy sjocht út nei de gearwurking: "De samenwerking tussen onze hogescholen met hun eigen regionale positie en profilering biedt grote mogelijkheden en de onderzoeksthema's vullen elkaar mooi aan. Hiermee kunnen we een grotere bijdrage leveren aan de Nationale Bijenstrategie."

It giet min mei de bij

Neffens Pries giet it net allinnich min mei de (hunning)bij, mar ek mei oare ynsekten. Dêrom is in brede oanpak nedich. "Beroepsimkers hebben grote problemen met bijengezondheid, terwijl de voedselvoorziening grotendeels afhankelijk is van bestuiving door honingbijen. De inzet van honingbijen en zorg voor goede leefomstandigheden van bestuivende insecten is een essentieel onderdeel van de bestuiving," sa seit Pries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)