Cor Trompetter wurdt wethâlder PvdA Smellingerlân

24 jan 2019 - 21:03

De PvdA-fraksje draacht Cor Trompetter foar as wethâlder yn de gemeente Smellingerlân. Trompetter folget Roel Haverkort op, dy't om persoanlike redenen yn desimber ophâlden is.

Cor Trompetter - Foto: Omrop Fryslân

Trompetter hat earder tolve jier wethâlder yn de gemeente Weststellingewerf west. Trompetter is keazen út goed fjirtich sollisitanten. Nei syn ynstallaasje is it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Smellingerlân wer op folle sterkte.

(advertinsje)