Fryske Ballonfeesten op De Jouwer binne dit jier fergees

24 jan 2019 - 20:34

De tagong foar de Fryske Ballonfeesten is takom jier fergees. Sa wol de organisaasje mear besikers nei it evenemint ta lûke.

Foto: Martin de Jong

It bestjoer wol eltsenien de kâns jaan it ballonfestival fan tichteby te besjen. "Wy hoopje dat der dit jier mear besikers komme. As dat sa is, kin it samar wêze dat de Ballonfeesten fan 2020 ôf fergees tagonklik binne," seit Arjen Visser fan de organisaasje.

De Fryske Ballonfeesten binne takom jier foar de 34e kear. It festival fynt dit jier plak fan 17 oant en mei 21 july. It spektakel is net yn de boufak.

Trefwurden: 
De Jouwer ballonfeesten
(Advertinsje)
(Advertinsje)