KNVB lit dit wykein it grutste part fan it amateurfuotbal net trochgean

24 jan 2019 - 19:44

Fuotbalbûn KNVB hat foar takom wykein it grutste part fan it amateurfuotbal ôfsein. Troch de snie en de kjeld fan de ôfrûne dagen kin der net spile wurde, sa ferwachtet it bûn.

Foto: Omrop Fryslân, Marijke de Boer

It giet foarearst net om de wedstriden yn it betelle fuotbal, de twadde difyzje, tredde difyzje en de haadklasse. Dêr wurdt letter in beslissing oer naam.

Trefwurden: 
KNVB amateurfuotbal snie
(Advertinsje)
(Advertinsje)