Meiwurkers fan de grienfoarsjenning Ljouwert binne Nationale Taalhelden

24 jan 2019 - 18:22

Meiwurkers fan de grienfoarsjenning fan de gemeente Ljouwert binne tongersdei útroppen ta Nationale Taalhelden fan 2018. De manlju folgje op eigen inisjatyf alle tongersdeis taal- en rekkenles. Se krigen de priis út hannen fan prinses Laurentien. De priis Nationale Taalhelden is in inisjatyf fan de stichting Lezen & Schrijven.

Foto: Omrop Fryslân

Ut alle provinsjes fan Nederlân wiene tongersdei Taalhelden byinoar yn Den Haag. "Wij zijn ontzettend trots op deze prijs", seit Pim Spoelstra fan de grienfoarsjenning. "Ik had niet verwacht de juryprijs te pakken, maar ik ben zeer vereerd met de publieksprijs. Toch vind ik het allerbelangrijkst dat ik leer lezen en schrijven.''

Alles falt te learen

Lucy Jeeninga fan it Friesland College jout de lessen. Sy fynt it dapper dat de manlju fan de grienfoarsjenning harren opjûn hawwe foar de lessen. "We hebben het motto 'alles valt te leren' en deze groep heeft dat volkomen laten zien. Laat dit een voorbeeld voor anderen zijn. Er kan hartstikke veel, als je maar wilt en over die drempel durft te stappen."

Trefwurden: 
Groenmannen taalheld
(Advertinsje)
(Advertinsje)