OERSJOCH: De saak-Van Seggeren

24 jan 2019 - 18:10

Yn july 2017 wurdt it lichem fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren oantroffen yn in stik greide by De Westereen. Dêrnei is der lange tiid ûndúdlikens oer wat der krekt bard is. De plysje besiket tsjûgen te finen om mear te witten te kommen oer de saak. Yn it oardel jier dat folget, wurde meardere scenario's trochnaam, en wurde meardere fertochten oanhâlden, en guon ek wer frijlitten. Hoe't it allegearre ferrûn is, is te lêzen yn dit oersjoch.

Foto: De Vries Media

Snein 9 july 2017

In ynwenner fan De Westereen fynt moarns om 10:30 it lyk fan in man yn de greide oan de râne fan De Westereen. Letter op 'e dei wurdt bekend dat it stoflik omskot fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach is en dat er omkaam is troch in misdriuw.

De jûn dêrfoar waard Van Seggeren foar it lêst sjoen by in muzykfeest yn De Westereen.

Moandei 10 july 2017

De plysje set útein mei in grut spoare-ûndersyk op it plak dêr't it lichem fan Van Seggeren fûn waard. Yn de omjouwing fan de krusing fan de strjitten Fogelsang en Bûterwei wurde de bermen meand, om sa bewiismateriaal fine te kinnen. Ek wurde hûnen ynset.

Letter op de dei beëiniget de plysje it forinsysk ûndersyk. It gebiet wurdt wer frijjûn.

Freed 14 july 2017

Nettsjinsteande it eardere berjocht dat Van Seggeren troch in misdriuw om it libben kaam is, hâldt in ûndersyksteam no ek rekkening mei it senario dat er oanriden is. Dat basearje se op it letsel dat Van Seggeren hie.

Freed 11 augustus 2017

In moanne nei de dea fan Van Seggeren hat de plysje goed tachtich tips binnenkrigen, mar it is noch hieltyd net dúdlik wat der krekt bard is. Der wurkje tweintich meiwurkers fan de plysje oan de saak.

Moandei 21 augustus 2017

De plysje dielt yn fjouwer doarpen yn Noardeast-Fryslân hûs oan hûs folders út. Dêryn freget de plysje om tips. Ek sykje se spesifyk nei acht minsken, fan wa't de plysje tinkt dat se mear witte oer de lêste oeren fan Van Seggeren.

Freed 29 septimber 2017

De Plysje Fryslân makket bekend dat Tjeerd van Seggeren nei alle gedachten oanriden is troch in blauwe wein of in wein mei blauwe ûnderdielen. Dat konkludearret de plysje út spoare-ûndersyk.

Van Seggeren soe oanriden wêze flakby it plak dêr't er fûn is, tinkt de plysje. Dêr soe er oppikt wurde. Hoe't er dan presys yn de greide telâne kaam is, wit de plysje net. Wol is dúdlik dat er net yn de greide oanriden is.

Tiisdei 19 desimber 2017

De 33-jierrige frou van Tjeerd van Seggeren wurdt oanholden as fertochte fan belutsenheid by de dea fan har man. De kommende dagen wurdt se heard.

De plysje ûndersiket de wenning fan de famylje en slút net út dat yn dizze saak noch mear minsken oanholden wurde.

Freed 22 desimber 2017

De widdo fan Tjeerd van Seggeren bliuwt twa wiken langer fêstsitten op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har man.

Woansdei 3 jannewaris 2018

De fertochte bliuwt tritich dagen langer fêstsitten.

Tongersdei 1 febrewaris 2018

De fertochte bliuwt noch sechstich dagen langer fêstsitten.

Freed 2 febrewaris 2018

De fertochte giet yn heger berop tsjin de ferlinging fan it foararrest fan sechstich dagen. Advokaat Tjalling van der Goot fan de fertochte is dêrtsjin yn berop gien, omdat syn kliïnt alle belutsenheid ûntkent.

Tiisdei 13 febrewaris 2018

De fertochte bliuwt fêstsitten. Dat hat it gerjochtshôf bepaald.

Tongersdei 22 maart 2018

De rjochtbank yn Ljouwert behannelet op 28 maart foar it earst yn it iepenbier de strafsaak tsjin de 33-jierrige frou fan Tjeerd van Seggeren. De frou wurdt fertocht fan belutsenens by de dea fan har man. De saak sil noch net ynhâldlik behannele wurde. It ûndersyk is noch geande. De rjochtbank beslút wol oft de frou noch langer yn foararrest sitten bliuwe moat of net.

Woansdei 28 maart 2018

Tjeerd van Seggeren yn july 2017 mei in hurd of stevich foarwerp op 'e holle slein. Dêrtroch is er om it libben kommen en dat is mei opsetsin dien. Sa die bliken op de rjochtsaak tsjin de frou fan Van Seggeren, dy't fertochte is. Mooglik hat syn frou slein, mar it kin ek wêze dat in oarenien dat dien hat. Justysje giet der ek fanút dat sy net allinnich wie.

De sittingsseal siet fol mei famylje en freonen en minsken út de omjouwing.

Woansdei 13 juny 2018

De rjochbank fan Ljouwert beslút dat der in skou dien wurde sil op de krusing dêr't it lichem fan Tjeerd van Seggeren oantroffen waard. It foararrest fan de widdo fan Van Seggeren wurdt ferlinge.

Woansdei 22 augustus 2018

Der wurdt in nije fertochte oanhâlden yn de saak. It giet om de mem fan de widdo fan Van Seggeren. De skoanmem komt út Dútslân en is oanhâlden yn Ljouwert, in oere foar't de proformasitting fan de saak úteinsette soe. De widdo sels sit dan sûnt desimber al fêst op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har man.

Tiisdei 28 augustus 2018

De 55-jierrige mem fan de widdo fan Tjeerd van Seggeren wurdt wer frijlitten. De frou wurdt noch wol fertocht fan belutsenheid by de dea fan har skoansoan, mar neffens it Iepenbier Ministearje is der net genôch reden om har langer fêst te hâlden.

Woansdei 31 oktober 2018

Famyljeleden fan Tjeerd van Seggeren wurde oproppen as tsjûgen yn de saak. It giet om de suster en de heit fan it slachtoffer. De heit wurdt ûnder oare heard oer de syktocht op 9 july 2017, nei de nacht dat syn soan ferdwûn is. Hy socht tegearre mei syn skoandochter dy't fertocht wurdt fan moard op de 37-jierrige Van Seggeren.

Tongersdei 24 jannewaris 2019

Der is in nije fertochte oanhâlden yn de saak fan Tjeerd van Seggeren. Dat die bliken by de proformabehanneling fan de saak foar de rjochtbank yn Ljouwert. De fertochte is de eks-freon fan de frou fan Tjeerd van Seggeren. De man hie earst sein dat er in aliby hie, mar it die bliken dat dat net doogde.

(advertinsje)