Drachtster moat noch 586 dagen sitte
Yn Drachten is tongersdei in 28-jierrige man oanhâlden dy't noch 586 dagen selstraf te goede hie. Dat wie foar meardere feroardielingen.
De man waard socht troch de plysje en koe op de Foswerd yn Drachten oanhâlden wurde. Hy is fêstset en moat syn straf útsitte. De plysje hat net bekend makke wêr't de man earder foar feroardiele is.