Yn 2018 sawat likefolle lintsjes yn Fryslân as it jier dêrfoar

24 jan 2019 - 17:21

Yn Fryslân hawwe ferline jier sawat like folle minsken in keninklike ûnderskieding krigen as it jier dêrfoar: 162 om 166. Dêrmei liket de delgong fan de jierren dêrfoar foarby te wêzen.

Lintsje - Foto: ANP

De sifers oer it jier 2018 sitte op alle fronten krekt wat boppe de trochsneedsifers fan de lêste fiif jier. Sûnt 2014 binne der alle jierren 158 lintsjes opspjelde: 52 foar froulju en 106 foar manlju. Ferline jier wiene dat njonken it totaal fan 162 en de 55 foar froulju in tal fan 107 foar manlju.

Djiptepunt yn 2016

Yn de jierren foar 2014 wiene de sifers in stik heger, mei yn 2013 in totaal fan 236 ûnderskiedingen. It djiptepunt wie 2016 mei 131 lintsjes.

Ridder mei de swurden

In spesjale ûnderskieding wie ferline jier de 'Ridder mei de swurden', foar in militêr yn aktive tsjinst. Frank Stam fan 'e Lemmer krige dy út hannen fan minister fan Definsje Ank Bijleveld. Mei-inoar binne sechtjin Friezen ferline jier riddere en trije eare as Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De oaren waarden beneamd ta Lid in de Oarder fan Oranje-Nassau.

Measte lintsjes yn Noardeast-Fryslân

Utsein Flylân waarden ferline jier yn alle gemeenten keninklike ûnderskiedingen útrikt. De measte lintsjes waarden opspjelde yn wat no de gemeente Noardeast-Fryslân is. Dat wiene 25.

(Advertinsje)
(Advertinsje)