Grutte operaasje om sniefeimasine út it wetter te heljen

24 jan 2019 - 17:06

In grutte houten konstruksje, touwen, katrollen en yn alle gefallen tsien man wiene nedich om de sniefeimasine út it iis fan de Jan Durkspolder te heljen. Tongersdeitemoarn wie it apparaat troch it iis fan de polder sakke. Troch it tinne iis om it apparaat hinne, wie it dreech om it der wer út te heljen.

Klik op de foto foar meardere bylden.

Lippen Kleinhuis fan de iisklup fan Earnewâld wie tongersdeitemoarn dwaande op de Jan Durkspolder om de baan sniefrij te meitsjen, doe't it misgie. Hy sakke mei masine en al troch it tinne iis. Kleinhuis sels koe mei in wiet pak oan de kant komme, mar de masine koe net samar út it wetter helle wurde.

Frijwilligers hawwe úteinlik mei in houten konstruksje en in katrol it gefaarte fan 150 kilo út it wetter helje kind. De masine is op in karre set en fan it iis ôfhelle.

Trefwurden: 
iis Jan Durkspolder feimasine
(Advertinsje)
(Advertinsje)