Hongaarske transfer Cambuurspiler Mathieu ketst ôf

24 jan 2019 - 17:02

Justin Mathieu sjocht ôf fan de oerstap dy't hy meitsje koe nei Hongarije. De oanfaller fan SC Cambuur dy't yn opspraak rekke trochdat er trije kear dissiplinêr skorst waard, traint dêrom foarearst mei by de beloften. Beide partijen hoopje noch altyd op in transfer. Dat kin noch in wike: tongersdei 31 jannewaris is de lêste dei dat spilers fan klup feroarje kinne.

Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur en it Hongaarske Debrecen wiene al ta in akkoart kaam, mar Mathieu seach it sels net sitten. Hy hat op proef west yn Hongarije, mar ta in definitive oerstap komt it dus net. "Het liep stuk op de duur van het contract", fertelt Mathieu, dy't sûnt ôfrûne freed wer yn Nederlân is. "Zij wilden een éénjarig contract, maar dat zag ik niet zitten. Daarom lijkt het me beter om eerst bij Cambuur te blijven."

Technysk manager Foeke Booy hat Mathieu meidield dat er foarearst meitraine moat mei de beloften. Dat sil de oanfaller dwaan. Mocht it net mear slagje om fuort te gean, hopet Mathieu wer oan te sluten by de earste seleksje.

'Lichte beroering'

Oare spilers dy't op de nominaasje steane om fuort te gean, binne Omar El Baad en Mathias Schils. El Baad is op it stuit yn Litouwen op proef. Freed spilet de ferdigener dêr in oefenwedstriid en dêrnei wurdt der in beslút naam oer de takomst. Oer Schils is neffens Booy 'wat lichte beroering', mar echt konkreet is de belangstelling noch net.

Sa kriget de opromming by Cambuur stadichoan foarm. Woansdei waard al dúdlik dat Rutger Etten fuortgiet. Tongersdei makke de klup bekend dat ek Cody Claver in nije klup fûn hat. De ferdigener makket de oerstap nei AFC út de twadde difyzje.

Mathias Schils - Foto: www.orange-pictures.nl

Nije oanfaller

De syktocht fan Cambuur nei in nije oanfaller is noch altyd oan 'e gong. Soepel giet dat allinne noch net. De klup hat al meardere ôfsizzingen krigen. Ferdy Druijff keas foar NEC yn plak fan Cambuur en NEC-oanfaller Sven Braken joech FC Emmen de foarkar boppe Cambuur. Wanhoopje docht Booy allinne noch net. "Maar de lijst wordt wel dunner, dat is logisch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)