Hoe om te gean mei wolven, de provinsjes hawwe in plan

24 jan 2019 - 16:31

De tolve provinsjes hawwe mei-inoar in plan fan oanpak makke oer hoe't se omgean wolle mei wolven. It giet dan om wolven dy't hjir omswalkje of dy't hjir in territoarium kieze.

Foto: ANP

Sûnt in jier as trije lit de wolf him geregeld sjen yn Nederlân. De provinsjes hiene dêrom al in plan betocht foar hoe't se swalkjende wolven oanpakke. Om't de ferwachting is dat der op koarte termyn wolven komme dy't har hjir fêstigje, is it besteande plan no útwreide mei maatregels om dêrmei om te gean.

Yn it plan stiet bygelyks hokker maatregels feehâlders nimme kinne om skea troch wolven foar te kommen of te beheinen. Der stiet ek yn hoe't skeafergoeding regele is. De provinsjes hawwe ôfpraat dat se yn alle gefallen de kommende trije jier skea troch wolven fergoedzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)